Keatstraine by K.F. Jacob klaver
Tiisdei 24 maaie start it skoallekeatsprojekt fan iepenbiere basisskoalle de Gielguorde yn Mantgum
Dit is in inisjatyf fan de KNKB , keatslessen wurde ûnder skoalletiid jûn oan de groepen 3 en 4.
De KNKB levert hjirfoar in trainer. Mar no al foar it tredde jier efter elkoar kin de bûn gjin trainer leverje op tiden dat gaadlik is foar skoalle. Krekt as ferline jier rêdt Joke Kolyk de situaasje troch as trainer te fungearjen.
Ofrûne tiisdei hie Joke 45 bern ûnder har hoede. Mei help fan 4 frijwilligers krigen de bern in oere lang keatsles. De bern binne entûsjast en de earsten hawwe har ek al meld foar de eigen Jacob Klaver training. Dizze wurdt op moandei te jûn fersoarge troch Anneke van der Sluis, Nynke Wiedijk, Ilse Noorman en Hendrika Reitsma. Hjir komme 35 bern op ôf. Justerjûn om 8 oere is Anneke van der Sluis ek noch in training begûn foar folwoeksenen. Oant no ta hawwe sich hjirfoar 7 persoanen meld. Der kinne noch in pear by , belangstellenden kinne harren noch opjaan by Anneke fan der Sluis til. 058-2501712
Geplaatst op 31 May 2011